Fierder ûndersyk kampus Bilt

02 okt 2009 - 15:13

De gemeente It Bilt wol fierder mei it ûndersyk nei in nij gebou foar skoallemienskip Ulbe van Houten en Piter Jelles. Dat gebou moat komme oan de Dirk Janszstrjitte yn Sint Anne. Op dat plak stean no noch 55 âldereinwenten.

It Bilt wol dêr, njonken de iepenbiere skoallemienskip Piter Jelles, in nije saneamde skoalkampus delsette. Bedriuwen út It Bilt moatte dêr in rol by krije. Hoe't dat presys moat, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)