Joop Atsma hegerop by UCI

Joop Atsma wer hegerop by de UCI
Joop Atsma fan Surhústerfean is beneamd ta foarsitter fan de dykkommisje fan de ynternasjonale hurdfytsorganisaasje UCI. Atsma wurdt dêrmei ferantwurdlik foar de wedstrydkalenders, kwalifikaasjekritearia en de talitting fan teams dy't meidogge oan grutte hurdfytswedstriden.
Atsma is op in gearkomste fan de UCI ek opnij keazen as lid fan it haadbestjoer. Yn it deistich libben wurket Atsma as CDA-Twadde Keamerlid.