Toer Feanwâlden opknapt

02 okt 2009 - 14:49

De toer fan de Johannestsjerke yn Feanwâlden is foar hast 50.000 euro opknapt. De gemeente Dantumadiel hie dêr opdracht foar jûn. It foechwurk oan de bûtenkant is fernijd, dakhout, houtwurk fan de kapkonstruksje en it gaas yn de ruten is ferfongen en it stúkwurk en de gevelankers binne ek wer makke.

De opknapbeurt is tongersdei ôfsletten mei it pleatsen fan in nije hoanne op de toer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)