Oprop PVV foar Steateleden

02 okt 2009 - 12:49

De PVV ropt freed yn in advertinsje yn beide Fryske kranten minsken op om har by de partij te melden, as kandidaat foar de Provinsjale Steaten of de Earste Keamer. De partij fan Geert Wilders makke oardel moanne lyn bekend dat de PVV net meidocht oan de gemeenteriedsferkiezings fan takom jier. De Earste en Twadde Keamer hawwe priorioteit foar de partij.

De ferkiezings fan de Steaten binne yn 2011. Leden fan de Steaten kieze de leden fan de Earste Keamer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)