Oanhâldings oerlêst Aldlân

02 okt 2009 - 10:09

De plysje hat njoggen jongens oppakt foar pesterij yn de wyk âldlân. Dêr waarden al in jier lang wenningen bekûgele en ek waarden der lantearnepeallen fernield. It slimste ynsidint fûn plak by fersoargingshûs Florastate. Dêr waarden inkele wenningen ferskate kearen bekûgele mei aaien, ierpels en stikken pizza.

De plysje kaam de fertochten op it spoar troch it ophingjen fan in kamera en om't twa fan harren betrape waarden doe't se in lantearnepeal fernielden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)