Wykeinarranzjemint...yn 'e sel

De Doelesteech yn Ljouwert
Minsken dy't yn it wykein yn Ljouwert en Snits oppakt wurde fanwege geweld, gean de sel yn en komme der net earder as moandei wer út. Mei dy maatregel wolle de gemeenten en plysje en justysje it geweld yn de beide plakken tsjingean.
Justysje en helpferlieners sjogge de moandeis oft de minsken dy't oppakt binne straf of help hawwe moatte. It giet foarearst om in proef dy't oant april duorret.