Houten bok foar Drylts

01 okt 2009 - 21:48

Drylts moat wer in houten bok krije. Dat is in soart pream dy't oan it begjin fan 'e foarige ieu faak brûkt waard. Der waard ûnder oare hout mei ferfierd. Sûnt langere tiid binne de skippen der net mear.

In nije stifting wol no wer in houten bok bouwe. Dat wolle se dwaan by houtseagerijmûne De Rat. Se wolle de nije houten pream brûke by de populêre stedskuiers, mar ek om mear toeristen nei de stêd te heljen mei spesjale boattochtjes.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)