Classic Express yn Fryslân

01 okt 2009 - 17:18

De Classic Express stie tongersdei yn Warkum. De frachtwein kin útskood wurde as in lytse konsertseal. De wein is fan it Prinses Christina Concours. Dy wol klassike muzyk op basisskoallen promoatsje. De Classic Express stie earder dizze wike al yn Wommels en stiet nije wike yn Boalsert en Akkrum.

It Centrum voor de Kunsten yn Snits soarge derfoar dat de Classic Express nei Fryslân takaam. Dy wol sa mear jonge bern entûsiast meitsje foar it bespyljen fan in ynstrumint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)