Littenseradiel hâldt ton oer

01 okt 2009 - 17:11

Littenseradiel hâldt takom jier goed in ton oer. Dat docht bliken út de begrutting foar 2010. Der moasten wol ekstra maatregels naam wurde om posityf út te kommen. Dat is nedich fanwege de ekonomyske krisis.

Dochs hat de gemeente ek noch romte foar nij belied. Sa is der bygelyks jild frijmakke foar wykfernijing yn Easterlittens, in fytspaad tusken Boazum en it Mantgumerhúske en it oplossen fan knyppunten yn it ferkear by Wommels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)