By de plysje achterop de motor

01 okt 2009 - 17:04

Sa'n tritich slachtoffers fan earwraak of loverboys mochten tongersdei mei op de motor. It inisjatyf kaam fan de motorplysje om sa de drompel leger te meitsjen foar de famkes om nei de plysje te gean.

De famkes ha faak minne ûnderfining mei de plysje. Se binne oanhâlden foar ferhoar of der is druk op har útoefene om oanjefte te dwaan. De toertocht gie troch de provinsje. De famkes sitte by Fier Fryslân yn de opfang.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)