Nije bedriuwen nei Ljouwert

Tachtich bedriuwen wiene op de banemerk
Op de lanlike banemerk yn Ljouwert hawwe har twa nije bedriuwen presintearre. Utjouwerij Landes hat fiergeande plannen foar in festiging yn Ljouwert en in befeiligingsbedriuw hat him al fêstige yn de stêd. Dat smyt mei-elkoar tusken de santich en de tachtich nije wurkplakken.
Yn dizze drege ekonomyske tiden is it nuver genôch lestich om oan nije minsken te kommen. Goed 80 bedriuwen stiene tongersdei mei alderhanne fakatueres op de banemerk yn Ljouwert.