Lippenhuzen: 18 pinken ûntkaam

01 okt 2009 - 13:08

Yn de omjouwing fan Lippenhuzen is tongersdei jacht makke op in groep pinken. Nachts binne achttjin stiks ûntsnapt. Nei alle gedachten binne se earne fan skrokken en hawwe se it doe op 'e heupen krigen. Ien fan de hokkelingen is fûn op De Gordyk. In oar is fongen op De Himrik.

Eigner boer Van den Bos tinkt dat guon bisten de bosk yn de omkriten fan Lippenhuzen yn flein binne. Van den Bos freget elkenien dy't in bist tsjinkomt it te melden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)