Soad blessueres by SC Cambuur

© Omrop Fryslân
Sportklup_Cambuur mist freedtejûn tsjin Eindhoven in grut tal spilers. Mark de Vries, Leon Hese, Randy Rustenberg en Nuelson Wau binne allegear blessearre. Boppedat foel Robert van Boxel tongersdei tidens de training út mei in ankelblessuere. Syn meispyljen is ûnwis.
Dêr stiet tsjinoer dat Sandor van der Heide en Jos van Nieuwstadt fit genôch binne om te spyljen. Van Nieuwstadt ferfangt mooglik van Boxel en Van der Heide begjint werskynlik op de bank.