Oerlêst troch hinnen op de dyk

In frachtwein mei seistûzen piken hat tongersdeitemoarn foar ferkearsoerlêst soarge. Dat wie op de Westergowei by Wommels, de N359. De frachtwein krige pech en de sjauffeur koe net oars as midden op de dyk parkeare.
De piken binne oerladen yn in oare frachtwein en ôffierd nei it slachthûs. It ferkear koe omlaat wurde fia Wommels. De dyk is om it middeisoere hinne wer frijjûn foar ferkear.