Start 'bel-me-niet' register

Minsken kinne har registrearje yn it bel-me-niet-register
Fan 1 oktober ôf wurdt it folle ienfâldiger om ôf te kommen fan tillefoantsjes ûnder itenstiid oer fersekeringen of oanbiedingen foar stroom. Ek kinne de reklame-mailtsjes blokkearre wurde.
De nije wet op de Telecommunicatie giet yn en dat hâldt ek yn dat minsken dy't ynskreaun stean yn it 'bel-me-niet'-register tenei frij bliuwe fan reklametillefoantsjes en mail. Foar de callcenters betsjut de nije wet in hiele oare wize fan wurkjen.