Sulver foar Zonderland

Epke Zonderland helle sulver (foto: Martin de Jong)
Epke Zonderland hat woansdei gjin goud helle by de wrâldbekerwedstriden yn Katar. It waard in sulveren medalje op de rekstôk, achter de Sloveen Aljaz Pegan. Pegan helle 15,750, Epke 15,400.
Earder op de dei makke Zonderland in fout op de brêge. Dêrtroch kaam er net fierder as it sande plak. Foar syn twadde finale wist er him al te revansearjen, mar syn skoare wie net genôch foar winst. By de wrâldbeker yn Madrid, desimber ferline jier, wûn Zonderland goud op de rekstôk.