Azc Dokkum offisjeel ticht

It azc is offisjeel ticht
It asylsikerssintrum yn Dokkum is fan tongersdei ôf offisjeel ticht. De gebouwen steane al in skoft leech en de lêste bewenners binne in pear wike lyn ferhuze. It is noch net bekend wat der op it terrein komt.
Keunstner Marijke van Ruiten fan Kollum is dwaande mei in foto- eksposysje oer de sluting fan wat oait it grutste azc fan Fryslân wie. It asylsikerssintrum hat der goed 13 jier stien. It is no ryp foar de sloop.