Pikrinesoer op Bornego College

© Omrop Fryslân
It eksplosive pikrinesoer is ûntdutsen op it Bornego College op It Hearrenfean. De EOD is ynskeakele om it guod op te romjen. It kin troch trillings ûntploffe. Der is no gjin gefaar; it stiet al mear as tweintich jier feilich yn in kast.
Op in skoalle yn Leiden liede itselde soer ta in soad opskuor om't dêr wol grut alarm slein waard. De skoalle is dêr ûntromme, mar dat wie wat oerdreaun.