Kollumer Krante nei NDC

30 sep 2009 - 15:40

Utjouwerij Banda fan Kollum hat foar it lêst de Kollumer Krante útjûn. Nei in lange skiednis fan mear as hûndert jier giet de krante oer fan it lytse famyljebedriuw nei de grutte útjouwerij NDC. De NDC hat ûnder oare de Ljouwerter Krante en it Deiblêd fan it Noarden yn behear. De abonnees hoege har gjin soargen te meitsjen. Sawol de drukkerij as de redaksje bliuwe foarearst yn Kollum.

Direkteur André Banda wol him folslein rjochtsje op printwurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)