Beatrix op feest Stamboek

Beatrix komt nei it jubileumfeest fan it Frysk Hynstestamboek. De feriening fiert dit jier syn 130-jierrich bestean. Sneon 24 oktober komt de keninginne nei Ljouwert.
Keninginne Beatrix is in grut hynsteleafhawwer. Se wie al twa kear earder te gast by it Hynstestamboek. Dat wie by de iepening fan it Hynstesintrum yn Drachten yn 2001 en by it 110-jierrich jubileum. Keninginne Beatrix is ek beskermfrouwe fan de feriening.