Kazemattemuseum wol útwreidzje

30 sep 2009 - 14:07

It Kazemattemuseum hopet begjin takom jier in útwreiding klear te krijen fan it besikerssintrum. It bestjoer wol in aparte filmromte sadat pratende minsken yn de kantine net mear steure.

It museum yn Koarnwertersân bestiet takom jier 25 jier en hopet ekstra besikers te lûken mei allerhande aktiviteiten. De tsientûzenste besiker waard woansdei wolkom hjitten. It wie Harry Werkman (73) út Zoetermeer mei syn frou Barbera. Sy krigen in bosk blommen in boek oer de oarloch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)