Jild om lêzen te befoarderjen

30 sep 2009 - 12:16

De gemeente Opsterlân krijt 120.000 euro subsydzje om it lêzen op de basisskoallen te befoarderjen. It jild komt fan it lanlike projekt 'Kunst van Lezen'. Yn Opsterlân sille 7 skoallen gearwurkje mei de nije biblioteek op De Gordyk.

Mei it jild krije de skoallen in eigen mediateek. Hjiryn komme boeken te stean dy't bern oansprekke. Ek komt der in meiwurker fan de biblioteek op skoalle om de bern te helpen by it kiezen fan in boek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)