Skutslûs Tersoalstersyl iepene
De skutslûzen fan Tersoalstersyl en De Dille binne woansdei offisjeel iepene. Wethâlder Marian Jager fan Boarnsterhim draaide as earste de doarren iepen.
Beide slûzen wurde mei de hân betsjinne troch de brûkers sels. Foarhinne wie it wolris dreech om dêrfoar út de boat op 'e wâl te kommen, mar der lizze no nije steigers foar.