Agrifirm wol fusearje

30 sep 2009 - 11:36

De agraryske koöperaasje Agrifirm wol fusearje mei Cehave Landbouwbelang. Cehave hat 6000 Nederlânske leden. Se meitsje ûnder oare foer. It is ien fan de gruttere Europeeske ûndernimmingen op dit mêd.

Neffens Agrifirm soarget it gearwurkjen foar legere kosten foar de boeren en in sterkere ynkeapposysje. Ek is der mear mear romte foar ynnovaasje. In fúzje hat gjin negative gefolgen foar it fabryk yn Drachten. It fabryk draait dêr goed.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)