Bolle falt Skylger oan

30 sep 2009 - 09:56

Op Skylge is tiisdei in 70-jierrige man út Lies oanfallen troch in bolle. De man besocht it bist tsjin te hâlden doe't dat by it ferweidzjen de ferkearde kant op rûn.

De Skylger rekke troch de oanfal ferwûne oan syn ribben en gesicht. Hy is mei de traumahelikopter nei it sikehûs brocht. De bolle is troch in jager ôfsketten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)