Man rydt op hûs yn

30 sep 2009 - 06:11

In autobestjoerder (23) hat tiisdeitejûn let de foargevel fan in wenhûs yn Gytsjerk folslein de fernieling yn riden. De man hie op de Nije Strjitwei yn it doarp de macht oer it stjoer ferlern.

Sawol de bewenners fan it hûs, in echtpear mei twa bern, as de bestjoerder fan de auto binne mei de skrik frij kommen. Wol is de autobestjoerder troch in ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket de oarsaak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)