Wethâlder Sluiter hâldt op

29 sep 2009 - 23:06

Roel Sluiter hâldt nei de gemeenteriedsferkiezings yn maart takom jier op as wethâlder fan Ljouwert. Dat hat Sluiter sels bekend makke.

De PvdA-er hat goed acht jier wethâlder yn de gemeente west. Sluiter is 55 jier en wol noch ien kear wat oars dwaan. It leafst bliuwt er yn it iepenbier bestjoer, as boargemaster of wethâlder yn in oare gemeente. Sluiter hat op dit stuit gjin sollisitaasjes rinnen, sa seit er.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)