Minister wol Sintrale As

29 sep 2009 - 22:50

Minister Cramer komt net werom op it beslút oer de oanlis fan de Sintrale As. Dat sil ek net barre as it bedriuweterrein by Quatrebras der net komt, sei de minister tiisdei.

Ein oktober wurdt bekend oft it bedriuweterrein yn Tytsjerksteradiel der al of net komt. It Twadde Keamerlid Van Gent fan Grien Links fynt dat as it bedriuweterrein net oanlein wurdt, de minister ek de plannen foar de Sintrale As skrasse moat. Mar dat is Cramer net fan doel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)