Jild foar doarpsprojekten
De gemeente Weststellingwerf lûkt goed 22.000 euro út foar in tal lytse projekten fan doarpen.
It giet om tolve inisjtativen op it mêd fan leefberens, lykas de oanlis fan parkearplakken en ferljochting en de ferbettering fan paden. Ek is der jild foar de organisaasje fan in jubileum en it digitaal meitsjen fan in tal âlde doarpsfilms.