Fryske ielfiskers fiere aksje

Aksje tsjin fangstferbod op iel
Fryske ielfiskers sille woansdei aksjefiere tsjin it fangstferbod dat tongersdei yngiet. Yn de moannen oktober en novimber mei der net op iel fiske wurde, sa hat minister Verburg besletten. In protte fiskers driigje dêrtroch yn grutte problemen te kommen om't dat krekt de moannen binne dat it fertsjinne wurde moat.
By wize fan protest sille woansdei op De Brekken by De Lemmer de lêste fûken ophelle wurde. Dêrnei lizze de ielfiskers in roukrâns op it wetter.