Frysk hynder nei Grikelân

Frysk hynder yn hieltyd mear lannen bekend
Nei ûnder oare Meksiko, Spanje en Guatamala krijt it Frysk hynder aanst ek bekendheid yn Grikelân. Mei in keuring en in show yn Thessaloniki moat it Frysk ras dêr in poat oan de grûn krije. Dat bart op inisjatyf fan in Grykse hynsteleafhawwer.
Twa sjueryleden fan it Hynstestamboek út Drachten keure yn oktober tweintich hynders fan Grykse eigners. Doel is om it ras te promoaten yn in lân dat eins net in wiere hynstekultuer hat.