Opfangteam by karavanbrân

© Omrop Fryslân
De brânwachtminsken dy't snein belutsen wiene by de karavanbrân yn Warkum hawwe help krige fan it bedriuwsopfangteam fan de brânwacht. By de brân kaam in Dúts jonkje fan 3 jier om it libben. Nei sa'n traumatyske ûnderfining kin it opfangteam oproppen wurde om de brânwachtminsken by te stean.
It opfangteam bestiet út 9 minsken dy't sels ek by de brânwacht wurkje. It team wurdt 25 oant 30 kear per jier oproppen.