MCL en Kijlstra wurkje gear

Sikehûs MCL yn Ljouwert wol mei ferfierder Kijlstra de fergunning foar alle ambulânsesoarch yn de provinsje krije. Dêrfoar nimt it sikehûs in belang fan sa'n 20 prosint yn Kijlstra. Fan 2011 ôf krijt ien ambulânseferfierder alle ferfier yn Fryslân tabedield.
It Snitser Antoniussikehûs makket dêr tegearre mei it UMCG ek gading nei. Mar ek Connexxion en ferfierders út it bûtenlân lykas it Deenske Falck binne yn 'e race.