Direkteur VVV Amelân fuort

© Omrop Fryslân
De VVV fan It Amelân wol net fierder mei ynterim-direkteur Roelof Kunst. Hy waard in jier ferlyn beneamd, mar kaam net op it eilân te wenjen. De ried fan tafersjoch fynt dat in grut beswier en giet op syk nei in nije direkteur.
Mei yngong fan 1 april 2010 hâldt Kunst op by de VVV fan It Amelân. Hy waard beneamd as opfolger fan Pieter Smit dy't 24 jier direkteur west hat.