Hânkokkelfiskers net wolkom

28 sep 2009 - 17:34

De provinsje jout hânkokkelders tastimming om fan 1 oktober ôf op kokkels te fiskjen yn Nasjonaal Park Skiermûntseach. Mar as se dêr komme, krije se in boete. Terreinbehearder Natuurmonumenten wol se net hawwe op de Oude Wal foar de kust fan Skier.

De ôfrûne twa jier fregen de fiskers gjin fergunning oan foar it gebiet nei foaroerlis mei de natuerorganisaasjes. Mar ditkear is it oerlis dêroer mislearre en is de provinsje om tastimming frege.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)