Gemeente helpt net by jeugd

28 sep 2009 - 16:56

Sûnder help fan de gemeente Frjentsjerteradiel moat doarpsbelang Tsjummearum in oplossing sykje foar de jeugd yn it doarp dy't oerlêst jout. Ek dit wykein wie it wer raak mei fernielings by it bungalowpark Barradeel.

Boargemaster Haveman hie de freed dêrfoar noch sein dat se gjin enerzjy mear yn de probleemjongeren stekke wol. Yn de folgende gearkomste fan doarpsbelang wurdt it punt bepraat en komme der mooglik aksjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)