'Thialf net minder feilich'

28 sep 2009 - 15:07

Direkteur Jarko Nieweg fan Thialf fynt it frjemd dat it ynterne kommunikaasjesysteem fan it iisstadion oan strangste easken foldwaan moat, wylst it systeem fan de Fryske helptsjinsten dêr gjin goed berik hat.

Dochs tinkt Nieweg net dat Thialf by kalamiteiten minder feilich wurdt. By grutte eveneminten stean plysje en brânwacht klear om yn te gripen. Ek hat Thialf in eigen ûntrommingssysteem dêr't alle taskôgers yn seis minuten mei út it stadion weikomme kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)