Twadde ferlies Flyers

Hans Kroon makke it iennichste doelpunt foar de Flyers (foto: Martin de Jong)
De iishockeyers fan de Hajé_Flyers ha ek de twadde wedstriid yn de bekerkompetysje ferlern. Yn en tsjin Eindhoven waard sneintejûn mei 5-1 ferlern. De perioadestannen: 1-0, 2-1 en 2-0. It iennichste Feanster doelpunt yn de twadde perioade wie fan Hans_Kroon. De Flyers krigen yn dizze wedstriid in protte strafminuten.
Sneontejûn gong de iepeningswedstriid ek al ferlern. Tilburch wie doe yn Thialf mei 3-2 te sterk.