Daily Bread presintearret cd

27 sep 2009 - 16:00

De Fryske band Daily Bread, sneon noch te sjen op it Freezefestival yn Ljouwert, presintearret takom wike sneon yn Paradiso yn Amsterdam har earste cd mei de titel 'Well you're not invited'.

De plaat komt út op Excelsior Recordings, in grut indielabel yn de Benelúks. De band bringt in mjuks fan sixties garaazjerock en electrogrooves. Daily Bread wûn de finale fan de Lytse Priis fan Fryslân mei oermacht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)