Ljouwerters op 'e fûst

© Omrop Fryslân
Trije Ljouwerters fan 26, 27 en 41 jier binne yn de nacht fan sneon op snein oanholden nei't mei inoar op de fûst gean wiene. De trije hiene spul krigen yn in itenstintsje yn de Korfmakerstrjitte.
De 41-jierrige Ljouwerter waard dêrby skopt en slein. Doe't er wer bûten wie pakte er de auto fan syn freondinne en begûn er yn te riden op de beide oare Ljouwerters. De plysje stie der by en koe op tiid yngripe. De trije binne oerbrocht nei it plysjeburo en fêstset.