Ald-izer dieven oanholden

27 sep 2009 - 14:32

By Terwispel hat de plysje yn de nacht fan sneon op snein twa âld-izer dieven fan 19 jier oanholden. De manlju, beide fan Oerterp, waarden op 'e die trapearre doe't se op de Alde Dyk rydplaten yn in bestelbus oan it laden wiene.

Omdat se net útlizze koene werom't se dat diene binne se oanholden en meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)