Fernielers oanholden

27 sep 2009 - 14:13

Twa Wolvegeaster fan 20 en 24 binne yn de nacht fan sneon op snein oanholden foar it fernielen fan ferkearsbuorden. In tsjûge hie sjoen dat de beide manlju en in noch tredde persoan de buorden út de grûn lutsen.

De plysje koe de twa frij gau oanhâlde. De tredde persoan wurdt noch socht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)