Harnzer rydt agressyf

© Omrop Fryslân
In Harnzer (19) is sneontejûn yn Ljouwert fan de dyk helle om't er gefaarlik en agressyf ried. De Harnzer foel op om't er op de Prins Hendrikkade oan it bumperkleevjen wie.
Eefkes letter helle er mei hege faasje de auto foar him yn op in plak dêr't dat net mei. Om't it drok wie yn de Ljouwerter binnenstêd mei fytsers en kuierders hat de plysje de man oan de kant set. Nei kontrôle fan syn rydbewiis die bliken dat er al folle faker pakt wie foar ferkearsoertredings.