Henk Bos twad om Gouden Helm

Dirk Fabriek waard njoggende
Henk Bos fan Nijhoarne is sneon yn Veenoord by de ynternasjonale wedstriid speedway om de Gouden Helm twadde wurden. Theo Pijper kaam nei motorysk ûngemak net fierder as it sânde plak.
Dirk Fabriek krige ek pech mei de motor en waard njoggende. De 19-jierrige Poal Damian Sperz wie de sterkste yn it ynternasjonale fjild en wûn de Gouden Helm.