Lessen oer OV-chipkaart

De OV-Chipkaart
Yn gearwurking mei de âldereinbûnen fan Snits en Ljouwert sil ferfierder Connexxion spesjale lessen jaan oer de OV-chipkaart. Fan moandei ôf kinne reizgers betelje mei de chipkaart, mar dat is foaral foar âldere minsken bêst yngewikkeld.
Dêrom sille der saneamde 'demobussen' riden wêryn't de âlderein oefenje kin mei de moderne strippekaart. Moandei en tiisdei binne de bussen te finen by ferskate wyksintra.