Amelân djoerste trougemeente

27 sep 2009 - 10:38

Je kinne troch de wike it goedkeapste trouwe yn Achtkarspelen en op It Amelân binne je it djoerste út. RTL Nieuws hat de kosten foar trouleezjes op in rygje set. Dêr docht út bliken dat der grutte ferskillen per gemeente binne yn wat it kostet om te trouwen.

Gemiddeld leit it taryf yn Fryslân om de 180 euro hinne. It goedkeapste kinne je trouwe yn Achtkarspelen, dêr kostet it 99,85, allinne op tiisdei en tongersdei. De gemeente Amelân rekkent 336 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)