Sanne Bakker wint EK

© Omrop Fryslân
Sanne Bakker fan Akkrum is mei it Nederlânske sitfollybalteam opnij Europeesk kampioen wurden. Yn Poalen waard yn de finale Oekraïne mei 3-1 ferslein. Nederlân ferlear de earste set: 25-20. Dêrnei waard it ferskil dúdlik: 25-20, 25-13 en 25-8 foar Nederlân.
Yn de heale finale wie Slovenië in taaie tsjinstanner. Dizze heale finale waard mei 3-2 wûn. Troch dizze prestaasje hâlde de sitfollybalsters de A-status.