Antidrank-kampanje fan start

Om wat te dwaan oan it grut tal Fryske jongeren dat tefolle alkohol drinkt is freed de kampanje Nuchtere Fries fan start gien. De kampanje is in inisjatyf fan de provinsje, gemeenten, plysje, GGD en de hoareka. De ôftraap wie freedtejûn yn it Cambuurstadion.
Dêr krigen Cambuur-direkteur Pama en de Ljouwerter boargemaster Crone in kampanje t-shirt oanbean. De needsaak om jeugd te wizen op de gefaren fan alkohol is grut. Te folle sûpe op jonge leeftyd kin grutte gefolgen ha.