Nijkommers sintraal by reaklif

De Fryske kultuer moat tagonkliker wurde foar nijkommers yn ús provinsje. Dat sei Bert Looper fan Tresoar sneon by de betinking fan de slach by Warns. Sa'n 200 minsken kamen ôf op de tradisjonele betinking oan de râne fan de Iselmar by de stien op it reaklif.
Hjir wurdt de frijheidsstriid fan de Friezen betocht. It tema dit jier is de nije Fryske boarger. Hoe moat dy him gedrage en soargje dat de Fryske taal en kultuer goed bewarre bliuwt, is de sintrale fraach.