Iepen hûs by de Ankers

De Ankers yn de rjochtbank
It wie in hûs fol jonge ferpleechsters, mar no is it al tsien jier it kantoar fan advokaten Anker en Anker. It âlder sustershûs oan de Ossekop yn Ljouwert wie sneon it dekôr fan it jubileum fan de Ankers én in reuny fan de susterkes.
Sy wiene, njonken de sakerelaasjes, útnoege troch de Ankers om nochris del te kommen en werinneringen op te heljen. In seleksje fan de ferhalen is opnaam yn in jubileumboekje dat sneon presintearre is.